SC Hearrenfean ferliest topper

18 mrt 2012 - 16:27

SC Hearrenfean hat mei 5-1 ferlern fan PSV. Al nei 5 minuten kaam de thúsploech op foarsprong troch in doelpunt fan Ola Toivonen. De lykmakker fan Filip Djuricic yn de 23e minút waard ôfkard fanwege hands.

Nei it skoft kamen de Feansters op 1-1 troch in eigen doelpunt fan Erik Pieters. Lang duorre de eufory net, want Dries Mertens sette PSV opnij op foarsprong. Orlando Engelaar tekene foar de 3-1, wêrnei't Mertens de wedstriid mei syn 2e doelpunt yn it slot smiet. Debutant Memphis Delay sette úteinlik de einstân op it boerd.

SC Hearrenfean sakket nei it sechsde plak mei 48 punten út 26 wedstriden. AZ giet noch altyd oan de lieding, folge troch de nûmer twa Ajax. PSV stiet nei de winst op Hearrenfean no op it tredde plak.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean PSV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)