ME bewaakt oanspielde konteners

11 feb 2006 - 10:33

In frachtskip hat tongersdeitejûn op 'e Noardsee by Skylge tsientallen konteners ferlern. Njoggen binne yntusken oanspield op it strân fan Skylge. De plysje hat de Mobile Ienhied nei it eilân tastjoerd om de konteners te bewaken. Dat is dien yn oerlis mei de boargemaster fan Skylge omdat it eilân sels te min plysje hat.

Yn de konteners sitte ûnder oare hamburgers, boartersguod, skuon en koffers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)