Rengerspôle wurdt opknapt

© Omrop Fryslân
It Fryske Gea, Wetterskip Fryslân en rekreaasjeskip de Marrekrite hawwe freed in oerienkomst tekene foar de werynrjochting fan de Rengerspôle by Earnewâld. It 200 bunder grutte eilân oan de râne fan de Alde Feanen wurdt foar 2,5 miljoen euro opknapt. Sa wurde de wâlskanten en de oanlissteigers ferbettere.
In minpunt is dat der flakby it eilân in tydlik lûdskerm komt fanwege in baggerdepot dat der neist leit.