Motörhead en Soulfly op Wâldrock

10 feb 2006 - 16:59

Metalfestival Wâldrock yn Burgum hat de earste bands fêst lein foar it festival dat op 1 july fan dit jier hâlden wurdt. Y&T, Soulfly, Deicide en Mötorhead binne de earste fjouwer bands dy't kontraktearre binne.

Der moatte de kommende moannen noch sa'n 10 nammen by komme. De foarferkeap fan it Wâldrock festival begjint op sneon 25 febrewaris. Wâldrock is de kommende simmer it grutste metalfestival fan Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)