Man oanhâlden foar bedrigings

10 feb 2006 - 16:21

In 44-jierrige ynwenner fan Hurdegaryp is yn desimber 2005 oanhâlden omdat hy fertocht wurdt fan mishanneling en bedriging fan syn frou en twa dochters. De man hat de trije in nacht lang fêsthâlden en slein. De frou koe de oare deis de plysje warskôgje dy't de man dêrnei oanhâlden hat.

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert hat dat befestige, mar wol fierder noch net folle kwyt oer de saak. De man sit op dit stuit noch yn foararrest.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)