Ingelske oplichters aktyf

10 feb 2006 - 15:30

De plysje warskôget foar in pear oplichters út Ingelân dy't sinjalearre binne yn de omkriten fan De Gordyk en Terwispel. Sy besykje hûs oan hûs asfalt te ferkeapjen oan de bewenners. It giet om deselde minsken dy't fjouwer jier lyn ek al op en paad gongen om asfalt te ferkeapjen. It giet om asfalt fan minne kwaliteit, dêr't fierstente folle foar betelle wurde moat.

De plysje advisearret minsken net mei de Ingelsen yn see te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)