Nij ûndersyk legionella MCL
It is noch hieltyd net dúdlik wat de oarsaak is fan de legionella-besmetting yn sikehûs MCL Harns. Freed sil der op'e nij troch eksperts ûndersyk dien wurde.
Woansdei waard bekend dat der yn de wetterliedingen fan de dûsjes in legionellabaktearje sit. Dêrom meie dûsjes net brûkt wurde. Pasjinten wurde mei de hân wasken.