FEM: 'Fúzje Nuon en Essent'

10 feb 2006 - 10:59

De enerzjybedriuwen Nuon en Essent soene fusearje wolle at de splitsingsplannen fan minister Brinkhorst fan Ekonomyske Saken troch gean. Dat skriuwt FEM Business.

Brinkhorst wol de enerzjybedriuwen splitse yn in diel dat de stroom makket en in diel dat it stroomnetwurk beheard. De enerzjybedriuwen sels binne dêr foel op tsjin. De provinsje Fryslân hat in belang fan 12,6% yn Nuon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)