Van Lunzen wint Bonifatiusloop
Hurdrinner Remon van Lunzen út Ljouwert hat sneon yn Dokkum de Bonifatiusloop, in heale maraton mei start en finish yn Dokkum, op syn namme skreaun. Van Lunzen rûn de heale maraton yn 1:11:01. Van Lunzen is dwaande mei in goeie searje, want hy wûn ferline wike sneon ek al de heale maraton fan Haren.
Ben Stellingwerf út Onderdendam waard twadde, Jan Venhuizen út Smilde waard tredde en Saher Yousef fan It Hearrenfean fjirde. Fyfde en earste by de froulju wie Mariska Kramer fan Drachten yn 1,17,22.