Besikerssintrum yn 2007 iepen

10 feb 2006 - 10:18

Nei de simmer sil in begjin makke wurde mei de ferbouwing en de ynrjochting fan it besikerssintrum foar nasjonaal park de Alde Feanen. Dit sil ûnderbrocht wurde yn it aktiviteitensintrum fan Bûtenplak It Wiid yn Earnewâld. Ek it Frysk Lânbou-museum krijt hjir in plak.

Yn it foarjier fan 2007 moat it besikerssintrum en it Lânboumuseum iepen gean foar publyk. Opdrachtjouwer is it Fryske Gea. De hiele ferbouwing kostet 4,8 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)