Wa wol in nier?

10 feb 2006 - 09:14

Wa hat ferlet fan in nier? Dy kin him krije, fan Leo Kampen (49) yn Damwâld. Dy seit dat er wol ien nier misse kin. Sa is te lêzen yn in advertinsje dy't hy ophongen hat yn supermerken fan Dokkum en Damwâld. De advertinsje hinget tusken de twaddehâns waskmasjines en tillevyzjes.

De man efter de advertinsje wol sa minsken mei nierproblemen helpe. En dat binne der yn hiel Nederlân sa'n 40.000.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)