Tipline helpt ek Fryske plysje

09 feb 2006 - 16:55

De plysje Fryslân hat ferline jier ferskate saken oplost mei help fan de anonyme tiplijn Meld Misdaad Anoniem. Sa is der in nep-pistoal yn beslach naam en binne der trije fertochten oanhâlden, dy't ynbrutsen ha yn it mollekfebryk fan Easterwâlde.

By de Fryske plysje kamen ferline jier 163 brûkbere tips binnen fia it lanlike Meld Misdaad Anoniem. Dat binne der 20 mear as it jier dêrfoar. Al mei al is der yn hiel Nederlân 57.000 kear belle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)