Ferhalen meitsje kuierjen leuker

© Omrop Fryslân
Lânskipsbehear Fryslân wol ferhalen fan eartiids sammelje om te brûken foar kuierpaden yn it noardeasten fan de provinsje.
Der komme 52 kuierpaden mei in lingte fan mei elkoar 400 kilometer. Om de paden hinne binne tal fan ferhalen, oer minsken, pleatsen, tsjerken en doarpen. Wa't dy ferhalen noch fertelle kin, wurdt oproppen om dy troch te jaan sadat dy op ynternet set wurde kinne. Soks kin mear toeristen lûke.