'Ynternet moat feiliger'

09 feb 2006 - 14:35

De steatefraksje fan D66 fynt dat de provinsje him ynspanne moat om it ynternetferkear feiliger te meitsjen. De fraksje seit dat út ûndersyk bliken dien hat dat minsken wol witte fan de gefaren fan ynternet, mar dat der noch te min dien wurdt oan de befeiliging.

D66 fynt dat in taak fan de oerheid, skriuwt de fraksje oan Deputearre Steaten. De partij wol ek witte wat de provinsje binnen it eigen bedriuw docht oan de befeiliging fan ynternet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)