Fearboat fynt boei op syn paad
De fearboat fan Holwert nei it Amelân is woansdeitejûn flak foar de oankomst yn Nes tsjin in boei oanfearn. Der rekken gjin minsken ferwûne en it is net bekend oft de boat skea hat.
Neffens in passasjier woe de kapitein de lêste bocht ôfsnije en kaam er doe tsjin de boei oan. Guon fan de minsken oan board skrokken bot, omdat de botsing in soad leven makke.