Gemeente bemiddelt sels

© Omrop Fryslân
De gemeente Tytsjerksteradiel begjint sels mei it bemiddeljen fan wurkleazen nei in baan. Dêrfoar is in eigen reyntegraasjeteam opsetten. Twa amtners hawwe ekstra opliedings krigen. It Team Arbeidsbemiddeling hat dit jier al fiif minsken nei in baan bemiddele.
It is sûnt 1 jannewaris fan dit jier net mear ferplicht foar gemeenten om de reyntegraasje fan minsken mei in útkearing út te besteegjen oan kommersjele bedriuwen.