Ein oan gizeling op Ofslútdyk

© Omrop Fryslân
In arrestaasjeteam hat ôfrûne snein op de Ofslútdyk in ein makke oan in gizeling fan in Irakees(30) út Dútslân. Dat makke it OM woansdei bekend.
De man waard by Den Oever út de auto befrijd. Dêryn siet ien gizelnimmer. Letter binne der noch twa oare manlju oanhâlden. Alle trije gizelnimmers binne fan Irakese ôfkomt, ien derfan komt út Frjentsjer. It slachtoffer wie nei Fryslân kommen om in iepensteande skuld yn de autohannel te regeljen.