Oanhâldings foar fernielings

08 feb 2006 - 14:51

Yn ferbân mei fernielings yn it winkelsintrum fan De Westerein mei âld en nij hat de plysje 10 fertochten oanhâlden. Se binne yn de leeftiid fan 15 oant en mei 18 jier.

Mei de oanhâldings binne de fernielings oplost fan fjouwer ruten fan winkels en twa ruten fan in skoalle yn Twizelerheide. Ek binne troch de groep reklamebuorden en lantearnepeallen fernield. De fertochten binne nei ferhoar wer frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)