Mêst foar digi-tv yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Stjoerdermaatskippij Nozema wol in mêst fan 132 meter heech bouwe oan de Greunswei yn Ljouwert. De mêst kin de hiele provinsje foarsjen fan digitale televyzje. B&W Ljouwert binne akkoart.
Omwenjenden binne lykwols net wiis mei de hege mêst. Rapporten wize út dat mêsten skealik binne foar de sunens. Der is no al digitale televyzje fia de kabel, mar de mêst kin it ek fia in lytse antenne ûntfongen wurde. PAL/ GrienLinks is tsjin de mêst.