Nije skûtels Boerum tastien

© Omrop Fryslân
It ministearje fan Definsje mei fan de rjochter trettjin nije skûtelantennes by Boerum pleatse. In beswier fan in buertbewenner wie earder ôfwiisd troch de gemeente, en no ek troch de rjochter.
De nije skûtels krije in diameter fan 11 meter. De beswiermakker wennet der 1,5 km fanôf. Dat kin gjin beswier wêze, omdat der beammen en gebouwen tusken sitte, fynt de rjochter. De besteande skûtels binne 32 meter heech.