Aksje nei falske melding

07 feb 2006 - 23:13

De plysje is tiisdei manmachtich útrukt nei it Abbingapark yn Ljouwert nei't der in melding kaam oer in ferkrachting dêr. Yn it park waard in 17-jierrige jonge oanhâlden op basis fan it sinjalemint. It die lykwols bliken dat it om in falske melding gie.

De plysje heart noch in groepke jongeren dy't yn it park oanwêzich wiene. It is noch net dúdlik wa't de melding dien hat en wêrom. De jonge hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)