Plan foar lânbou Barradiel

© Omrop Fryslân
It gebiet rûnom de Seisbierumerfeart tusken Harns en Frjentsjer moat folslein op 'e skep om dêr heechweardige lânbou mooglik te hâlden. Dat stiet yn in ynrjochtingsplan fan it Wetterskip Fryslân foar it gebiet yn Noardwest-Fryslân der't no sâlt wûn wurdt, it saneamde Barradiel 2.
De lânbou rint dêr gefaar troch de fersilting. It plan wurdt op 16 febrewaris bepraat mei de minsken út it gebiet. De kosten binne noch net bekend