AB Fryslân kin Poalen goed brûke

© Omrop Fryslân
Agrarysk útstjoerburo AB Fryslân hopet dat de grinzen foar bûtenlânske wurknimmers út East-Europa op 1 maaie iepen gean. Der is krapte op 'e arbeidsmerk yn bou, metaal en skipsbou. AB Fryslân hie it ôfrûne jier 150 Poalen oan it wurk, mar soe dit tal maklik ferdûbelje kinne.
Fakbûn FNV is benaud foar ûnearlike konkurrinsje. De FNV wol dêrom hurde ôfspraken mei de oerheid om te regeljen dat Poalen like djoer binne as Friezen.