Notariskantoar looft tipjild út

© Omrop Fryslân
In notariskantoar stelt jild beskikber foar de gouden tip oer fernielings fan kantoaren yn Surhústerfean en Bûtenpost. Fjouwer grutte ruten waarden it ôfrûne wykein ynsmiten yn 't Fean. Mei Aldjiersnacht wiene der fernielings by it kantoar yn Bûtenpost. Yn 't Fean giene it wykein ek by twa oare bedriuwen de ruten derút. Fierders waard in bushokje fernield. Dat bart de lêste tiid faker. De gemeente hat 36 nije glêsplaten foar de hokjes besteld.