Sel foar stellerij en oerfal

© Omrop Fryslân
De rjochtbank yn Ljouwert hat in 28-jierrige Dokkumer feroardield ta 15 moanne sel, omdat er in auto stellen hat en omdat er belutsen wie by in oerfal yn Castricum. Der wie tsien moanne selstraf easke.
De wize wêrop de man pakt waard, is opmerklik. Hy wie by de plysje yn byld, omdat er yn in stellen auto omried. Nei in dna-test die bliken dat er ek by in oanfal op in 21-jierrige frou yn Castricum belutsen wie.