Auto te wetter by Hilaard

07 feb 2006 - 20:21

In man út Goutum rekke moandeitejûn ûnderkuolle, neidat er by Hilaard mei syn auto yn it wetter bedarre. De man wie fan Winsum ûnderweis nei Ljouwert, doe't er mei syn tsjillen yn 'e berm en in pear tellen letter yn in brede tochtsleat bedarre.

It slagge de man om sels op it dak fan syn auto te klimmen. De brânwacht helle de man mei in ledder op 'e wâl. De man waard mei ûnderkuollingsferskynsels oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)