Biowebwinkel: no 200 klanten

07 feb 2006 - 17:24

De Fryske biologyske webwinkel vaneigenerffryslân.nl wurdt hieltyd populêrder. De winkel bestiet no goed in jier en hat yn de tiid in kring fan twahûndert klanten opboud.

De ynternetwinkel is opset troch in tal Fryske bioboeren. Se fernamen dat de prizen dy't se foar harren produkten barre, de lêste tiid hieltyd mear ûnder druk komme te stean. As de boeren sels de ferkeap dogge, hawwe se de prizen mear yn de hân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)