'Ferlies foar Fries museum'

07 feb 2006 - 16:43

It is in ferlies foar it Fries Museum dat it trije belangrike skilderijen fan de 17-ieuske Fryske keunstner Mancadan kwytrekket. Dat seit âld-direkteur Cees Boschma fan it museum, dy't spesjalisearre is yn 17-ieuske keunst. Hy fynt it rjochtfeardich dat de keunstwurken weromjûn wurde oan de erven Goudstikker.

Hoe't it krekt komt mei de trije Mancadanskilderijen is noch net dúdlik. Dat siket it Fries Museum no út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)