Kursus doarpsgids

07 feb 2006 - 16:17

De Feriening Lytse Doarpen, de FLD, sil begjin maart tegearre mei it opliedingssintrum AOC-Friesland in kursus doarpsgids organisearje.

De kursus is bedoeld foar minsken dy't harren moaie doarp sjen litte wolle oan toeristen. Neffens it FLD en it AOC is der hiel wat te fertellen oer de doarpen yn Fryslân. Mar de keunst is om dat op in boeiende wize te dwaan. De kursus doarpsgids moat útkomst biede.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)