Winst foar Jong Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean hat moandeitejûn op Sportpark Skoatterwâld mei 2-0 wûn fan Jong Volendam. Yn in wedstriid sûnder in protte kânsen kaam de thúsploech yn de earste helte op foarsprong troch Ken Ilso Larsen. Pim Balkestein makke healwei de twadde helte de 2-0.
Jong Hearrenfean stiet no op in dield tredde plak mei jong Feyenoord, mei 30 punten út 15 wedstriden. Jong FC Utrecht is koprinner mei 35 út 16.