'Oergong Bûtenpost ûnfeilich'

07 feb 2006 - 13:49

De spoarwei-oergang by Bûtenpost is ûnfeilich en moat oanpakt wurde. Dat seit Flippus Roorda, de heit fan de boer op waans trekker in trein tiisdeitemoarn botste. Boer Teake Roorda holp in auto dy't fêst siet op it spoar. De bestjoerder woe fan de suteldyk de grutte dyk op, mar hie net sjoen dat er omride moast. Hy keas it koarste paad en kaam fêst te sitten. De boer woe de auto der noch weihelje, mar it wie te let.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)