'Taakstraf yn moskee dwaan'

07 feb 2006 - 13:32

Islamityske jongeren dy't yn de fout gean, moatte yn de moskee in taakstraf dwaan kinne. Sa wurde se swierder straft omdat minsken yn de moskee se dan goed yn de gaten hâlde. Twadde Keamerlid Cörüz (CDA) sei dit moandei op in byienkomst fan it CDA-Ljouwert.

Sa'n straf is foaral foar islamityske jongeren fernederjend. De moskee moat wol oan wat easken foldwaan. Sa moat der goede begelieding wêze foar de jongeren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)