Wjerstân tsjin Caravana yn FEC

© Omrop Fryslân
It ferset tsjin de ferhuzing fan de karavanbeurs Caravana fan Súdlaren nei it FEC yn Ljouwert nimt ta. Tsien standhâlders fan de beurs besykje in eigen karavanbeurs op te setten yn de noch te bouwen TT-hal yn Assen.
De standhâlders binne yn ûnderhanneling mei it bestjoer fan de nije hal en ha kontakt mei de noardlike feriening fan karavanhâlders. Dy wurket gear mei it FEC foar de nije Caravana, mar hat ek wol earen nei it nije inisjatyf.