Grutte oarder foar Van der Heide
It wjerljochtbefeiligingsbedriuw Van der Heide út Kollum hat de grutste opdracht út syn skiednis ynhelle. It bedriuw is belutsen by de bou fan in nij elektrisiteitsstasjon dat yn de Eemshaven yn Grins komt.
Neffens direkteur Resink fan Van der Heide giet it om in miljoene-opdracht. Mei dizze oarder is de portefúlje fan it bedriuw foar dit hiele jier al fol.