Restaurant Cabé út Drachten wei

07 feb 2006 - 11:10

Restaurant Cabé yn Drachten slút de doarren. Neffens eigner Wieland is Drachten net geskikt foar haute cuisine. It Yndonesysk restaurant waard yn 2003 iepene troch âld-presidint Wahid fan Yndonesië en doetiids boargemaster Van der Zaag.

Cabé krige oeral prizen en hege wurdearrings yn tydskriften as Lekker. Dochs witte net genôch minsken de keuken fan Cabé yn Fryslân te finen. De saak ferhuzet no nei Amsterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)