Oerstek nei Crystalic gefaarlik

© Omrop Fryslân
De oerstek nei it Crystalic-gebou yn Ljouwert is gefaarlik foar personiel en âlden dy't nei de berne-opfang moatte. Op de Slauerhoffwei is te min rekken hâlden mei fytsers en kuierders.
Minsken stekke de dyk lykwols wol oer om't se oars in ein om moatte. De Ljouwerter FNP-fraksje wol dat der in smel fyts- en kuierpaad oanlein wurdt en hat dêrom fragen steld oan it kolleezje.