Partnerskip tsjin it ljocht

07 feb 2006 - 11:08

De gemeente Gaasterlân-Sleat sil sa gau mooglik te set oer it partnerskip mei de Poalske gemeente Seremienewo. It partnerskip bestiet 15 jier en it doel fan eartiids, fan elkoar leare en help biede, bestiet eins net mear.

It is noch net dúdlik wat der presys feroarje moat oan de bân tusken beide gemeenten. Wethâlder Meinsma tinkt oan in wat lichtere foarm fan it partnerskip, bygelyks in gewoane freonskipsbân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)