Big Apple wint coverband-striid

07 feb 2006 - 10:13

De Ljouwerter formaasje Big Apple hat dit wykein de heale finale fan 'e Clash of the Coverbands yn Paradiso wûn. Big Apple is in fjouwermans formaasje út Ljouwert, dy't earder ek wol muzyk makke ûnder de namme Energy.

Big Apple mei no meidwaan oan de finale, dy't ein maart yn Tilburch plak fynt. As Big Apple wint mei de groep in eigen singel útbringe. Fierder smyt it súkses de groep ek in soad publisiteit op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)