Jild nedich foar Jeltingahûs

© Omrop Fryslân
It Jeltingahûs yn Bûtenpost moat foar 119.000 euro opknapt wurde. Dat docht bliken út ûndersyk fan de monumintewacht. Yn it Jeltingahûs waard eartiids fergadere troch de ried fan Achtkarspelen. It wurdt no brûkt as troulokaasje.
Der binne nochal wat boukundige mankeminten. Sa moatte de kezinen en de daksgoaten oanpakt wurde en mankeart der ek wat oan it mitselwurk. Fierder moat it hûs ek in fervebeurt hawwe.