Strideraasje oer wynmoles

07 feb 2006 - 10:02

Tsjinstanners en foarstanners fan grutte wynmoles yn Dongeradiel binne moandei by in diskusjejûn net in stap tichter by-elkoar kommen. De groep Wynenerzjy Dongeradiel fielt him sels misledige troch de tsjinstanners.

Dy sizze dat de ynisjatyfnimmers allinnich mar plannen betinke om der finansjeel better fan te wurden. De foarstanners sizze dat sy hannelje út idealisme. Yn Dongeradiel komme mooglik seis wynmoles fan 120 meter heech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)