Gearwurking Middelseegemeenten

© Omrop Fryslân
De fjouwer Middelseegemeenten wurkje oan in yntinsivere gearwurking. Dat sei boargemaster Ter_Keurs moandei op in PvdA-byienkomst yn Ljouwerteradiel.
Mei de oerienkomst wurdt wer in stapke set yn it proses fan in fúzje fan It Bild, Menameradiel, Ferwerderadiel en Ljouwerteradiel. Ter_Keurs wol it wurdt ´weryndieling´ net yn de mûle nimme. Dochs fynt er dat wat mear der gearwurke wurdt, wat ûnsinniger it wurdt om noch fjouwer rieden te hâlden.