Hearrenfean yn aksje tsjin NS

06 feb 2006 - 17:18

De gemeente Hearrenfean slút him oan by de Fryske krityk op de nije tsjinstregeling fan de NS. Earder tekenen de gemeente Ljouwert, de provinsje en it Samenwerkingsverband Noord-Nederland ek al beswier oan.

Yn de nije tsjinstregeling foar 2007 binne treinreizigers út it Noarden wei langer ûnderweis nei de rest fan it lân. Hearrenfean fynt dat net te rymjen mei de plannen fan de oerheid om it Noarden better berikber te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)