Reboelje om list Frysk Museum

06 feb 2006 - 12:37

Der is reboelje ûntstien nei it ferset tsjin de nijbouplannen fan it Frysk Museum yn Ljouwert. Op de list fan 160 promininte Friezen dy't yn in advertinsje yn de kranten har protest hearre litte, steane fiif nammen fan minsken dy't dêr hielendal net op wolle. Sy ha yntusken ekskuses krigen.

De list is gearstald troch de inisjatyfgroep Sterk Fries Museum dy't it museum op it hjoeddeistige plak hâlde wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)