Aksjegroep Donia wol preferindum

06 feb 2006 - 11:41

De aksjegroep 'Donia Weg Centrale As' út Damwâld wol dat de gemeente Dantumadiel mei in preferindum in kar makket foar it trasee fan de sintrale as. In preferindum is itselde as in referindum, allinnich kiest de boarger by in preferindum net út ja of nee, mar út twa foarstellen.

Yn dit gefal giet de kar tusken de sintrale as dwerstroch de Wâlden of de 'Centraalste As' troch de greiden. De aksjegroep is foar it lêste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)