'Havenlist byhâlde net mooglik'

© Omrop Fryslân
Direkteur Herrebrug fan de haven fan Harns tinkt dat it foar havenpersoniel praktysk ûnmooglik is om in list by te hâlden fan alle minsken dy't in haven yn- en útreizgje. Hy seit dit yn in reaksje op it beslút fan it kabinet.
Dy wol dat havenpersoniel fan lytsere seehavens yn de gaten hâldt wa't allegear fia haven reizgje. It regear wol mei dizze maatregel de grinskontrôle op terroristen ferbetterje.