Slimferwûne by ûngelok Burgum

06 feb 2006 - 09:09

Op de Alde Kommisjewei by Burgum binne sneon 8 jonge manlju mei har auto fan de dyk rekke en tsjin in beam riden. De bestjoerder, in man fan 20 jier út Grins, is dêrby libbensgefaarlik ferwûne rekke. Trije oaren moasten ek nei it sikehûs brocht wurde.

Sy rekken ûnder oare ferwûne oan de holle en de fuotten. De brânwacht hat de slachtoffers út de auto helle. In pear fan de manlju sieten yn de kofferbak fan de auto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)