Militêre oefeningen yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan doarpen yn it súdeasten en noarden fan Fryslân kinne fan moandei ôf wat oerlêst krije fan militêre oefeningen dy't hâlden wurde by Havelte en by de Lauwersmar. Oan de oefening by Havelte dogge likernôch 150 militêren mei.
Net alles kin neffens definsje op it oefenterrein sels dien wurde. Dêrom wike de soldaten út nei oare gebieten. It giet om it riden fan patrûljes en it ynrjochtsjen fan kontrôleposten.