Pink Floyd tribute yn Harmonie

05 feb 2006 - 16:32

16 Fryske muzikanten sille op 24 maart yn de Harmonie yn Ljouwert in konsert hâlde ta eare fan de Ingelske symfoanyske rockband Pink Floyd. De groep bestiet út profesjonele en semi-profesjonele muzikanten. De measte dêrfan komme út Fryslân.

It konsert, mei de namme Pink Floyd Project Live, is in idee fan André Becker fan de Fryske band Kevin's Crew. De show duorret twa oeren. De kaartferkeap start takom freed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)