Skoallegearwurking Súdwesthoeke

05 feb 2006 - 15:17

De gemeenterieden yn de Súdwesthoeke beprate dizze moanne de fierdere gearwurking fan de iepenbiere skoallen yn har gemeenten. It giet om Lemsterlân, Gaasterlân-Sleat, Nijefurd, Wymbritseradiel, Boalsert, Littenseradiel en Wûnseradiel.

Mei inoar ha de iepenbiere skoallen goed 2200 learlingen. Op it mêd fan regeljouwing fan húsfesting moatte de skoallen in soad regelje. De bestjoeren tinke dêrom dat gearwurking better is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)