Kompjûter thús foar riedsleden

05 feb 2006 - 13:06

Riedsleden fan Gaasterlân-Sleat krije thús opnij in kompjûter fan de gemeente. De riedsleden meie dizze kompjûter allinnich foar it gemeentewurk brûke. Bygelyks spultsjes meie der net op ynstallearre wurde.

Riedsleden hiene no ek al in kompjûter, mar de regels dêrfoar binne wol wat feroare. Yn de nije opset kinne riedsleden allinnich noch in kompjûter yn brûklien krije. Mei de kompjûter kinne riedsleden makliker stikken lêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)